Fryske Poëzyslam

Fryske Poëzyslam

Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei Kafee de Gouden Leeuw foar ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten!

By Tresoar

Date and time

Thursday, June 27 · 7 - 10pm CEST

Location

Tresoar

Boterhoek 1 8911 DH Leeuwarden Netherlands

About this event

  • 3 hours

Fryske Poëzyslam

Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom 27 juny nei de Fryske Poëzyslam!

Op tongersdei 27 juny is yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de Fryske Poëzyslam: in jûn fol ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten. By de poëzyslam kiest it publyk yn trije rondes út tsien dielnimmers úteinlik de bêste foardrager. Tusken de earste en twadde ronde is in muzikaal yntermezzo fan Ladybirds, in jazztrio mei kontrabas, tenoarsaksofoan en trompet.

Wa fan de twa finalisten krijt de measte stimmen, yn de foarm fan roazen, en giet mei de wikselbeker én 500 euro nei hûs? Wa nimt it tsjin de winner fan de foarige edysje, Syds Wiersma, op? Presintaasje is yn hannen fan Gabrielle Terpstra en Arjan Hut dy’t dit as Dichter fan Fryslân yn gearwurking mei Tresoar organisearret.

Meidwaan?

As dielnimmer kinst dy oant uterlik 20 juny opjaan op info@dichterfanfryslan.nl. Tink derom: fol = fol. Hâld rekken mei twa foardrachten fan elk maksimaal 3 minuten en in repertoire foar de finale: yn 7 minuten bringe twa finalisten om bar in fers. Alles yn it Frysk fansels.

Fans, famylje en freonen en alle poëzyleafhawwers binne fan herte wolkom! Tagong is fergees. Meld dy oan fia dizze side.

27 juny 2024 (19:30 - 22.00)

Ynrin: 19.00


Organized by

Tresoar is dé bewaarplaats van de geschiedenis van Fryslân! Wij zijn een literatuurmuseum, archief en bibliotheek in Leeuwarden.