Lunchlezing | Nynke Rixt Jukema over verhalende emotionele architectuur
Lunchlezing Nynke Rixt Jukema | Landmarks: verhalende emotionele architectuur
Nynke Rixt Jukema over verhalende emotionele architectuur
Deze lezing is in het Fries
Ferheljende emosjonele arsjitektuer wat op it snijflak fan byldzjende keunst en arsjitektuer sit, sa omskriuwt Nynke Rixt Jukema har wurk. Dêrby giet se altyd de ferbining oan tusken de brûker (minske of dier), syn omjouwing en syn belibbing. Troch ûndersyk en analyze besiket se besteande typologyen op 'e nij te ynterpretearjen. Omdat de skaal fan har opdrachten fariearje kin, fan lânskip oant meubelstik, hat har wurk altyd dreech yn in hokje te pleatsen west. By dizze lêzing sil se in oantal fan har meast oansprekkende en resinte projekten taljochtsje. It bliuwt altyd spannend oft in realisearre ûntwerp ûnderfûn wurde sil as in funksjonele ynfolling fan de romte, in beleefplak, in attraksje / landmark. De fraach bliuwt watfoar faktoaren jouwe dêrfoar de trochslach?
___
Lunchlêzing
De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (in lúks broadsje* en 1 konsumpsje).
De lunch stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne € 7,50, te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Yn ferbân mei it in it foar bestellen fan de lunch, is it net mooglik om op de dei sels in lunch te bestellen - dat moat foarôf.
* De broadsjes binne geskikt foar fegetariërs.
** Bij binnenkomst controleren we op achternaam. Uitprinten van je ticket is niet nodig. **
Goed om te weten
Belangrijkste punten
- 1 hour
- Fysiek
Restitutiebeleid
