Lunchlêzing Reitze Jonkman
Zojuist toegevoegd

Lunchlêzing Reitze Jonkman

Lunchlêzing Reitze Jonkman | Obe Postma taalsosjologysk besjoen

Door Tresoar

Datum en tijd

Locatie

Tresoar

Boterhoek 1 8911 DH Leeuwarden Netherlands

Restitutiebeleid

Refunds up to 1 day before event

Over dit evenement

  • Evenement duurt 1 uur

Tink der om! Dizze lêzing is op de fjirde tongersdei fan ‘e moanne en de lêzing is yn ’t Frysk!

Obe Postma is yn de frisistyk bekend as Frysk dichter, mar net as Frysk beweger. Oars as syn tiidgenoaten Douwe Kalma en Fedde Schurer liket er him net as aktivist foar it Frysk ynset te hawwen, mar hoe stie er dêrfoaroer? Jonkman sil besykje om Obe Postma taalsosjologysk yn syn tiid fan it maatskiplik opkommen fan it Frysk te pleatsen, ek mei sitaten út syn wurk.

De lêzing is yn gearwurking mei it Obe Postma Selskip.

___

Lunchlezing

De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (in lúks broadsje* en 1 konsumpsje).

De lunch stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne € 7,50, te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Yn ferbân mei it in it foar bestellen fan de lunch, is it net mooglik om op de dei sels in lunch te bestellen - dat moat foarôf.* De broadsjes binne geskikt foar fegetariërs.

By binnenkomst kontrolearje wy op efternamme. Utprintsje fan dyn ticket is net nedich.

Annuleren fan in reservearring mei lunch of in reservearring sûnder lunch kin oant uterlik 22 oktober. Dêrnei is restitúsje (fan de lunch) net mear mooglik.

Georganiseerd door

Tresoar is dé bewaarplaats van de geschiedenis van Fryslân! Wij zijn een literatuurmuseum, archief en bibliotheek in Leeuwarden.

Let op: voor het bestellen van tickets hoef je geen account aan te maken! Bij binnenkomst controleren we op achternaam. Uitprinten van je ticket is dus niet nodig.

Gratis