Lunsjlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’
Overzicht
De lêzing is yn it Frysk.
Yn Fryslân kinst ien net allinnich mei ‘do’ of ‘jo’ oansprekke, mar ek yn de tredde persoan, lykas yn ‘Mem, kin mem my helpe?’ Dat bart faak yn de famyljesfear, mar komt ek foar op de wurkflier of op skoalle, lykas in studint dy’t oan Gerbrich freget: ‘Hat Gerbrich de tentamens al neisjoen?’ Dy gewoante makket de Fryske oansprekfoarmen in nijsgjirrich ûnderwerp fan ûndersyk.Want wêrom gjin ‘do’ of ‘jo’? Yn de lunchlêzing dy’t Gerbrich de Jong op 15 jannewaris hâldt, lit se sjen hoe't dy oansprekfoarm brûkt waard yn de tiid fan it Midfrysk en Nijfrysk. De literêre kolleksje fan Tresoar wie foar har datasamling fan grutte betsjutting, sawol foar it Midfrysk as foar it Nijfrysk (nei 1800).
Gerbrich de Jong wurket as learare-oplieder Nederlânsk en Frysk by NHL Stenden Hogeschool en krige yn 2023 in NWO Promotiebeurs voor leraren om promoasje-ûndersyk te dwaan nei Fryske oansprekfoarmen.
___
Lunsjlêzing
De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunsj foarôfgeand oan de lêzing (in lúks broadsje* en 1 konsumpsje).
De lunsj stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunsj binne € 7,50, te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Yn ferbân mei it in it foar bestellen fan de lunsj, is it net mooglik om op de dei sels in lunsj te bestellen - dat moat foarôf.
Foto: Friso Bruins.
Goed om te weten
Belangrijkste punten
- 1 uur
- Fysiek
Restitutiebeleid
Locatie
Tresoar
Boterhoek 1
8911 DH Leeuwarden Netherlands
Hoe wil je daar komen?
Georganiseerd door
Tresoar
Volgers
--
Evenementen
--
Georganiseerd door
--